Flyers ferliest yn overtime

01 nov 2014 - 14:20
  • Spilers fan de UNIS Flyers

De UNIS Flyers ferlearen freed yn overtime mei 5-4 fan Tilburg Trappers. Al nei 2 minuten kamen de Tilburgers op foarsprong. De Trappers rûnen yn de earste perioade fierder út nei 2-0. Yn de twadde perioade soargen goals fan Rond Wurm en Mitch Bruijsten foar de 2-2. Lang koe de ploech fan Chris Eimers dêr lykwols net fan genietsje, want op 'e nij pakte de Trappers in foarsprong.

Yn de tredde perioade soarge Josh Prudden foar de lykmakker en sette de Flyers fuort dêrnei op 4-3 foarsprong. Nei de 4-4 makke Tilburg yn overtime de winnende goal.

Sneontejûn spilet de UNIS Flyers de lêste wedstriid yn de bekerkompetysje yn en tsjin Eindhoven Kemphanen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)