Flyers ferliest yn ferlinging

09 mrt 2014 - 19:01
  • De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne noch altyd net wis fan in finaleplak yn de play-offs. Op eigen iis waard snein mei 5-4 ferlern fan Den Haach. De Feansters kamen yn de earste perioade op 2-0 efterstân. Yn de twadde perioade brochten rappe treffers fan Shawn Collymore en Tony Demelinne de stân yn lykwicht.

Mei in frommelgoal naam Den Haach wer de lieding en wreide dy yn de tredde perioade út nei 4-2. Sander Dijkstra en Jade Galbraith soargen op 'e nij foar in likense stân. Yn de ferlinging makke Den Haach de winnende treffer.

Troch it ferlies komt de stân yn de play-offs op 3-2, noch altyd yn it foardiel fan de UNIS Flyers. Tiisdei komt de ploech fan trainer Chris Eimers op 'e nij yn aksje yn Den Haach om in finaleplak te berikken. As dêr wer ferlern wurdt folget woansdei it allesbeslissende sânde duel, ek yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)