Flyers ferliest bekerfinale fan Tilburg Trappers

11 jan 2015 - 16:32
  • UNIS Flyers
  • Teloarstelling by de spilers fan de UNIS Flyers
  • Fans fan de UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe snein de bekerfinale mei 5-2 ferlern fan Tilburg Trappers. De Trappers namen betiid yn de wedstriid de foarsprong. Goalie Martijn Oosterwijk foarkaam yn de twadde perioade lange tiid dat Tilburg fierder útrinne koe. Krekt foar de ein wie it dochs raak foar de Trappers, dy't mei in 2-0 foarsprong de tredde perioade yn gongen.

Yn de tredde perioade makken de Tilburgers rap dien wurk mei de tredde en fjirde treffer. De Feansters mochten noch wat weromdwaan, mar it slotakkoart wie úteinlik foar Tilburg.

De Feanster treffers foelen pas yn de lêste tsien minuten en kamen op namme fan Travis Bobbee en Mitch Bruijsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)