Flyers fallyt ferklearre

16 jun 2006 - 19:05

De rjochter hat tongersdei de stifting Topijshockey Flyers en Ondernemerssupport Flyers fallyt ferklearre. Sa't it no liket is de stifting Topijshockey Flyers de wurkjouwer fan de iishockeyers.

Freedtemiddei wie der oerlis tusken de kurator en in fertsjintwurdiger fan de beide stiftingen. Neffens boarnen giet it om in formele kwestje en soe der ynkoarten in nije stifting oprjochte wurde dy't de aktiviteiten oernimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)