Flyers 7-2 ûnderút yn Tilburch

30 des 2012 - 17:17

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha snein mei 7-2 ferlern fan Tilburg Trappers. Yn Tilburch seach de ploech fan trainer Chris Eimers nei de earste perioade noch tsjin in lytse 1-0 efterstân oan. Yn de twadde perioade kaam de doelpuntemasjine fan de thúsploech op gong en waard de marzje útwreide nei 4-0. Mark Hoekstra mocht wat werom dwaan út namme fan de Friezen, mar dêrnei wie it opnij Tilburg dat de smaak te pakken hie. Michael Nason tekene yn de tredde perioade foar de twadde Fryske treffer.

Troch it ferlies einiget Friesland Flyers it jier as tredde yn de kompetysje mei 40 punten út 19 wedstriden. Den Haach giet mei 54 punten oan de lieding, folge troch Tilburch mei 3 punten minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)