Flyboardles foar Bert Visscher

30 aug 2013 - 17:32
  • Bert Visscher op flyboardles
  • Bert Visscher op flyboardles

Bert Visscher hat freed foar it earst flyboardles hân. Yn 'e foarstelling Leeghwater by Breesândyk wol de kabaretier it dekôr al flyboardend útfleane. It flyboard sit dan ûnder Visscher syn fuotten en sa kin er boppe it wetter fleane. It is de fraach oft him dat slagje sil. As Visscher it net fertrout, sil er it in oare akteur dwaan litte. Mar earst woe er it sels besykje. De foarstelling Leeghwater is op lokaasje by Breesândyk, op 'e Ofslútdyk.

Fan 11 oant 22 septimber spilet it stik oer útfiner Leeghwater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)