Flybjende frou (22) mei hoarekasaak Ljouwert net mear yn

23 jan 2016 - 09:48
  • De binnenstêd fan Ljouwert

Sneontemoarn om fjouwer oere hinne hat in portier fan in hoarekagelegenheid oan it Rutersketier yn Ljouwert in frou fan 22 jier âld út de saak set. Se wie ûnder ynfloed fan alkohol, en se flibe en raasde nei de portier.

Se raasde en flibe ek nei de plysjes dy't har oanhâlde woenen. De frou mei de kommende jierren net mear yn de hoarekasaak komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)