Flústerasfalt yn Drachten

07 jun 2004 - 00:00

It is even wenne, de namme flústerasfalt. Sûnt koarten leit dit stille asfalt op de Noarder- en Suderhegewei yn Drachten. Dy diken soargen de ôfrûne jierren foar in soad lûdsoerlêst.

Smellingerlân hat foar it flústerasfalt in grauwe subsydzje fan it Ryk krigen. Betingst wie dat der metten wurdt oft de dyk ek echt stiller is. Dat barde moandei. De útslach fan de test komt oer in pear dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)