Flugge útwreiding Dronryp-West

01 sep 2010 - 21:43
  • (foto: argyf Omrop Fryslân)

It bedriuweterrein Dronryp-West kin mooglik earder útwreide wurde. Dat tinkt de gemeente Menameradiel no't it meidocht oan in proef fan de provinsje. Doel dêrfan is bedriuwsterreinen better ynpasber te meitsjen mei de besteande omjouwing.

De kommende tiid sil besjoen wurde hoe grut de útwreiding wêze kin om it lânskip net te bot oan te taasten. De útwreiding is bedoeld foar bedriuwen út de gemeente sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)