Flotte oanpak swimbad Gytsjerk

26 mrt 2013 - 11:17
  • De opknapbeurt fan it swimbad fan Gytsjerk

It iepenloftswimbad yn Gytsjerk kin kommende simmer allinne iepene bliuwe as it ûnderhâld útfierd wurdt troch frijwilligers. Mei dit nije inisjatyf wurdt goed 20.000 euro besparre. Mear kin de stifting Laat Trynwâlden Zwemmen ek net opbringe.

It behear sil fierder neffens him wol yn gemeentlike hannen bliuwe moatte. Yn dat gefal moatte de politike partijen it fuortbestean fan it bad no al yn har partijprogramma's opnimme fynt wethâlder Doeke Fokkema fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Hy is benaud dat it swimbad oars yn in nije besunigsoperaasje opoffere wurde sil. No is de gemeente alle jierren sa'n 150.000 euro oan it bad kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)