Florijn: Twitterje mei âlderen

23 jan 2011 - 12:18
  • Marco Florijn oan it twitterjen

Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert sil senioaren yn de Fryske haadstêd Twitterles jaan. Florijn sei dit sneon by de offisjele iepening fan it nije learsintrum fan Seniorweb yn de Ljouwerter biblioteek. It oanbod fan Florijn om Twitter út te lizzen oan âlderein wie syn iepeningspresintsje.

Seniorweb hat as doel om de âlderein bekend te meitsjen mei de digitale wrâld en sadwaande in twadieling yn de maatskippij foar te kommen. Seniorweb hat mei-inoar sa'n 400 learsintra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)