Florianne Remme is finalist by Prinses Christina Concours

03 apr 2016 - 13:03

Florianne Remme (15) út Ljouwert is ien fan de acht finalisten fan it Prinses Christina Concours 2016. De ôfrûne moannen dienen hûnderten jonge muzikanten audysje foar it konkoers. Dêrút waarden 27 talinten selektearre foar de heale finales. De sjuery, besteande út ûnder oaren Marien van Staalen, Marlene Hemer en Ruud van der Meer, keas dêrút de acht finalisten. Florianne Remme spilet de sello. De finale fan it Prinses Christina Concours is op sneon 23 april yn it Zuiderstrandtheater yn Den Haach.

It konkoers bestiet al hast fyftich jier en hat as doel om jongerein mei muzikaal talint te stypjen. Ek wol de organisaasje safolle mooglik bern kennis meitsje litte mei muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)