Flitspealen Drachten geane fuort

29 okt 2004 - 11:12

De beruchte flitspealen oan de Suder- en Noarderhegewei yn Drachten wurde fuorthelle troch de gemeente. En tenei meie je op dy dyk ek 70 kilometer yn it oere ride, as it der net te drok is. Elektroanyske buorden sille fariabel oanjaan wat de maksimumsnelheid is.

De flitspealen wiene berucht om't se steane op in fjouwerbaansdyk. Guon autobestjoerders fielden harren dêrom foar it lapke hâlden as der in boete yn de bus belanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)