Flitspeal by Suderbuorren

12 jan 2009 - 22:19

Ljouwert wol in ekstra flitspeal hawwe op de Drachtsterwei yn Ljouwert. Der stiet al ien foar it ferkear dat de stêd yn komt by it krúspunt fan de Drachtsterwei mei Goutum-Suderbuorren, mar noch net foar it ferkear fan de oare kant.

Om´t it Iepenbier Ministearje hiel traach reagearret duorret it lykwols lang foardat de ekstra flitspeal der stiet. De gemeente komt no earst mei in boerd dat oanjout dat ien te hurd riidt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)