Flinterborg yn Harns oankaam

24 okt 2009 - 14:27
  • De Flinterborg (foto: www.scannernet.nl)

Yn Harns is sneon de MS Flinterborg oankaam. Dat skip hat mei tweintich tradisjonele skippen nei New York west. Dat wie foar de feestlikheden om it 400-jierrich bestean fan dy stêd hinne.

De Flinterborg soe ôfrûne woansdei al yn Harns oankomme, mar fanwegen it minne waar op de Atlantyske Oseaan moast it in pear kear in súdliker rûte kieze. Op de hinnereis hie it skip ek al fertraging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)