Flinter- en bijekafee Appelskea

20 jul 2006 - 10:52

Yn Appelskea is in 'nektar'-kroech iepene foar flinters en bijen. It giet om in tún dy't bepaalde flinters en ynsekten lûke moat. Dêrneist stiet in soart bar dêr't minsken de bisten goed observearje kinne. Mei goed waar sille der in soad flinters te sjen wêze.

Doel is dat besikers mear bewust wurde fan de effekten fan klimaatferoarings op planten en bisten. De nektarkroech is ien fan de earste fan Fryslân. Der komme folle mear yn de rest fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)