Flinke winst foar SC Heerenveen

09 feb 2003 - 00:00

SC Heerenveen hat sneon wûn fan AZ. Foar eigen publyk wienen de Friezen folle sterker as it swak spyljende AZ. Dat resultearre yn in winst fan 5-0. Al binnen in pear minuten kaam de ploech fan Foppe de Haan foar te stean.

De earste goal kaam fan de foet fan Rodriguez dy't yn eigen doel skeat. De Jong en Hansma skoarden dêrnei noch foar de tee. Yn de twadde helte makken Venema en Samaras, dy't foar Sibon ynfoel, beide noch in doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)