Flinke tik Snits Wyt Swart

30 mrt 2013 - 23:04
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Oan de moaie searje fan topklasser Snits Wyt Swart Boso Snits kaam sneontejûn yn Haaksbergen in wreed ein. De ploech fan trainer Johan Groote ferlear mei 5-1 fan HSC'21. In wat flatearre útslach, want oant de 70 minút stie der in 1-1 tuskenstân op it boerd. Yn it lêste kertier sloech HSC '21 lykwols ferwoastgjend ta en moasten de Snitsers belies jaan.

Troch it ferlies bliuwt SWS lêste yn de topklasse op twa punten fan Gemert en op fiif fan AFC. Op peaskemoandei spilet Snits Wyt Swart thús tsjin de nûmer trije WKE út Emmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)