Flinke skea Wûnseradiel

14 aug 2008 - 12:24

De gemeente Wûnseradiel hat ferline jier flink wat skea hân fan fernielings. Mei-elkoar giet it om in bedrach fan 35.000 euro. Lang net alle skea koe ferhelle wurde op 'e dieder of dieders. De gemeente draait op foar in skeabedrach fan 22.000 euro. Yn 2006 wie dat noch goed 11.000 euro.

It fandalisme bestiet foaral út fernielde lampepeallen en bushokjes en ynsmiten ruten fan skoallen en gymnastyklokalen. De measte skea is oanrjochte by de jierwiksel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)