Flinke pûde jild foar Planetarium en Fries Museum

10 feb 2015 - 20:29
  • Konservator Adrie Warmenhoven mei de sjek
  • Bakkerij komt by planetarium yn Frjentsjer

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat tiisdeitejûn twa ton krigen fan de BankGiro Loterij. De sjek waard útrikt op in spesjale jûn foar goede doelen, it Goed Geld Gala. Dy wie yn de Beurs fan Berlage yn Amsterdam.

Foar it Planetarium kin de plande útwreiding fan it museum no definityf trochgean. Der is 7,5 ton nedich foar ferbou. De provinsje, de gemeente Frjentsjerteradiel en de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed soargje foar de rest fan it bedrach. Mei it jild kin in leechsteande bakkerij by it Planetarium lutsen wurde.

Ek it Fries Museum mocht mei in sjek mei in wearde fan twa ton werom nei Fryslân. Mei elkoar is op it gala 62,5 miljoen euro ferdield oer 66 kulturele ynstellingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)