Flinke opknapbeurt Frijheidswyk

19 apr 2001 - 00:00

De Frijheidswyk yn Ljouwert giet hielendal op de skeppe. Yn de wyk yn it noarden fan de stêd wurde 500 huzen sloopt, 300 wenningen nij boud en 1000 wenten wurde opknapt.

De mear as 4000 bewenners fan de wyk binne woansdei op 'e hichte brocht fan de plannen. Yn de Frijheidswyk komt ek in nij winkelsintrum. It hiele plan kostet mear as 100 miljoen gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)