Flinke omsetgroei fan koeke

08 jan 2009 - 21:45

De ambachtlike bakkerij yn Molkwar hat dizze wike te krijen mei in flinke omsetgroei troch it kâlde waar. De fraach nei reepkoeken is mei mar leafst 50 persint tanommen.

De koeke wurdt ûnder oaren kocht troch eksploitanten fan tintsjes op it iis, mar ek partikulieren hawwe nocht oan koeke by de kofje of tee. By de bakkerij wurkje 6 minsken. Se moatte oeroeren meitsje om oan de fraach te foldwaan. De bakkerij yn Molkwar levert koeken oan 140 Fryske supers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)