Flinke ferbettering ferkearssituaasje It Hearrenfean

24 nov 2014 - 06:38
  • Webside Bakker Transport

De ûntsluting nei it IBF-terrein by It Hearrenfean is de ôfrûne wiken ferbettere. Der is 1,5 miljoen euro ynvestearre om de ferkearssitewaasje benammen foar frachtferkear te ferbetterjen. Sa is der in spesjale turborotonde kaam dêr't frachtweinen mei in lingte fan 22 meter maklik opkomme kinne. Ek kaam der in ekstra ôfslach by en is ien fan de diken ferdûbele.

De ferbettering wie nedich omdat der mear frachtferkear ferwachte wurdt nei de nije suvelfabriken fan A-Ware en Fonterra en it nije distribúsjesintrum fan de Lidl.

Neffens Niek Bakker, fan Bakker Transport op It Hearrenfean, is de sitewaasje flink ferbettere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)