Flink bedrach út klûs stellen by ynbraak De Gordyk

10 nov 2014 - 11:48

Dieven hawwe sneintejûn in flink bedrach meinaam út in klûs boppe in hoarekasaak oan de Haadstrjitte op De Gordyk. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de ynbraak. Earder op de jûn waard der ynbrutsen boppe in restaurant yn Nieuw Roden. Hjir waarden neist in klûs ek sieraden stellen.

Oft beide saken mei-inoar te krijen hawwe, kin de plysje noch net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)