Flier swimbad stikkenferzen

25 feb 2011 - 17:56
  • Foto's: Omrop Fryslân

Troch de froast is de flier fan it swimbad yn Haulerwyk sa bot oantaast dat er no al ferfongen wurde moat. De fjirtich frijwilligers binne ekstra hurd oan it wurk om de put dien te krijen, It bestjoer ferwachtet noch altyd wol ein april iepen te gean.

De ferfanging stie eins pas foar takom jier op de planning. Dizze winter soene eins allinnich de foarsjennings om it bad hinne opknapt wurde. Sa waarden nije klaaihokken boud en binne de tegels oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)