FlevOnice giet sneon iepen

14 des 2007 - 11:54
  • De langste keunstiisbaan fan de wrâld giet sneon iepen

Keunstiisbaan FlevOnice by Biddinghuizen giet sneon iepen foar it publyk. De langste keunstiisbaan fan de wrâld soe earst al op 1 desimber iepen, mar dat slagge net fanwege de hurde wyn. Troch dy wyn wie in part fan it iis fuortwaaid. Tûzenen iisleafhawwers reizgen doe om 'e nocht nei FlevOnice.

De skea dy't doe ûntstie is yntusken ferholpen. Op de hiele fiif kilometer lange baan leit no 7 sentimeter iis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)