Flessepost oer iepenloftspul

02 mrt 2012 - 14:05

De stifting dy't it iepenloftspul Snits takom jier organisearret, stjoert freed mei flessepost 25 fersiken om subsydzje. Stiftings en oerheden dy't subsydzje jouwe, krije in flesse mei dêryn de plannen foar it iepenloftspul en de fraach oft se deroan meibetelje wolle.

It iepenloftspul moat takom jier op 'e Snitsermar by rekreaasjegebiet De Potten komme, sa is it doel. It skûtsje De Sneker Pan fiert dan it 100-jierrich bestean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)