Flessen disel en sinjaalraket

05 aug 2011 - 10:39

Yn Boalsert binne tongersdeitenacht twa manlju út dy stêd oppakt. Se hawwe mooglik wat mei brânstifting te krijen. De plysje trof de twa op de Van der Venstrjitte. Se wiene op 'e fyts en hiene in pear kretten by harren. Dêr sieten njoggen flessen mei disel yn. Se hiene ek in sinjaalraket by harren.

Wat de manlju krekt fan doel wiene, is noch ûndúdlik. De twa binne meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)