Flesse wyn fan 300 jier âld fûn

22 jul 2000 - 16:36

Yn in skipswrak yn de Waadsee tusken Flylân en Texel is in flesse wyn fûn fan 300 jier âld. De fynst is dien troch dûkers fan it Nederlânsk Ynstitút foar Skips- en Underwetterargeology, it NISA.

Noch nea earder is sa'n âlde flesse wyn fûn. Ynkoarten wurdt de wyn ûndersochtdy't wierskynlik net mear te drinken istroch in ûndersyksynstitút yn Almere. Dan wurdt dúdlik wêr't de wyn weikomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)