Flekte toanhaai oanspield

23 feb 2014 - 16:39
  • De flekte toanhaai in dei nei't er oanspield is op Flylân

Op it Noardseestrân yn de buert fan kamping Stortemelk op Flylân is sneintemiddei in libbene flekte toanhaai oanspield. It bist fan in meter lang waard fûn troch minsken dy't op it strân rûnen. Sy warskôgen ynformaasjesintrum De Noordwester, dêr't ek in see-akwarium is.

De flekte toanhaai komt normaal allinnich foar yn súdlike parten fan de Noardsee. De Noordwester hat him noch nea earder yn it akwarium hân. Der wurdt no besjoen oft er dêr earst bliuwe kin, of dat er bygelyks better oerbrocht wurde kin nei Ecomare op Teksel.

De flekte toanhaai is in slanke haai, de snút is wat puntich. It bist is yn Nederlân seldsum, mar de soart wurdt net bedrige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)