Fleksibele opfang yn Ljouwert

23 des 2013 - 21:21

De berne-opfang yn Ljouwert wurdt in stik fleksibeler. Dat seit Hilde Bosma fan SKL Kinderopvang. Alden moatte no fier yn it foar oanjaan wannear't se gebrûk meitsje wolle fan opfang, mar se witte dan faak sels noch net hoe't it mei de eigen planning útkomt. SKL Kinderopvang yn Ljouwert begjint dêrom mei fleksibele berne-opfang. Alden kinne dan in wike yn 't foar oanjaan hoefolle dagen oft se nedich hawwe. Foar de regeling komme inkeld âlden yn 'e beneaming dy't op syn minst 570 oeren yn it jier gebrûk meitsje fan de berne-opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)