Flechtlingen woansdei nei sportsintrum De Rolpeal yn Warkum

29 sep 2015 - 20:27
  • Sporthal de Rolpeal yn Warkum

Yn sportsintrum De Rolpeal te Warkum komt in krisisopfang foar flechtlingen. De flechtlingen sille woansdei al opfongen wurde. Dat hat boargemaster Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân tiisdeitejûn bekend makke. Foarearst sille de flechtlingen 72 oeren opfongen wurde.

It tal flechtlingen dat opnaam wurde sil, is ûngefear 200. It krisisteam fan de gemeente komt woansdeitemoarn byelkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)