Flechtlingen oankaam yn Gerkeskleaster en Kollum

30 sep 2015 - 19:22
  • De fjildbêden yn de opfang yn Kollum stean klear
  • Wachtsjende flechtlingen yn Harns

Kollum makket him woansdei op foar de komst fan 100 flechtlingen út de needopfang fan Harns. Dy wurde maksimaal seis dagen ûnderbrocht yn de Van der Bijhal yn Kollum. En ek yn Gerkeskleaster wurdt in groep fan sa'n 60 minsken opfongen in de eardere Claercampskoalle. Dêr komme de flechtlingen om 18.00 oere oan. Se binne ôfkomstich út Irak, Eritreä en Oekraïne. Oardel oere letter berikke de bussen Kollum. De sfear ûnder de minsken is noflik.

Yntusken giet de sûnens fan in soad asylsikers hurd achterút, sa lit it Reade Krús witte. De need is heech. Dêrom wurde der tydlik fjildbêden delset yn de sporthal. Noch foar de nacht wurde der bettere bêden fanút de Waddenhal fan Harns nei Kollum brocht.

De Kollumer sporthal wie 16 jier lyn noch it toaniel fan in demonstraasje tsjin asylsikers. In ynformaasjegearkomste oer in nij AZC rûn folslein út de hân, om't in asylsiker fertocht waard fan de moard op Marianne Vaastra. Unterjochte sa die letter bliken. In swarte bledside yn de skiednis, dy't by in soad Kollumers no wer nei boppe komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)