Flechtlingen moatte netwurkje

24 jan 2014 - 12:51

Flechtlingewurk Noard Nederlân is yn trije noardlike gemeenten útein set mei in netwurkprojekt foar flechtlingen. Flechtlingen hawwe faaks in te lytse groep minsken om har hinne om op werom te fallen. Dêrom wurde de dielnimmers yn groepen fan 12 minsken traind om in netwurk op te bouwen.

Dit netwurk moat har helpe om mear sosjale kontakten te krijen en miskien sels oan it wurk te kommen. De flechtlingen krije ûnder oare in 'maatje' dy't de begeleiding docht en ferskate teorylessen fersoarget.

It projekt rint op dit stuit yn de gemeenten De Fryske Marren, Stadskanaal en Emmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)