Flechtlingen Ljouwert binne teloarsteld oer petear mei IND

13 nov 2015 - 14:42
  • It protestboerd fan de flechtlingen

De flechtlingen dy't de ôfrûne dagen protestearre ha tsjin de ûndúdlikens oer harren sitewaasje en de omstannichheden yn it WTC yn Ljouwert, binne teloarsteld oer it petear dat se freed hân ha mei de IND, de ymmigraaje en naturalisaasjetsjinst.

De IND hat freedtemoarn yn de hal west om mei de groep fan 600 flechtlingen te praten, mar koe harren net mear dúdlikheid jaan. De tsjinst hat sein dat se net soargje kinne foar bettere omstannichheden yn de hal.

De flechtlingen is meijûn dat se geduld hawwe moatte, omdat fanwegen de grutte tastream fan flechtlingen yn Nederlân de proseduere net hurder kin.

De flechtlingen sille har beriede op wat se no dwaan sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)