Flechtlingen krije reedrydles yn iishal Ljouwert

30 nov 2015 - 12:07
  • De bern krigen earder reedrydles yn Ljouwert

In nij Syrysk rekôr is noch net festige, mar dat sit der oan te kommen. Moandeitemoarn wiene mear as 40 flechtlingen út it WTC te gast yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Dêr krigen se redens te lien en besochten se op it glêde iis foarút te kommen. Der wiene in oantal trainers oanwêzich om de flechtlingen it reedriden te learen.

Foar folwoeksenen wie dat gjin oerstallige lúkse, mar in soad bern koene aardich út 'e fuotten op it iis. De jonge Mohamed bygelyks sei oer himsels "I am very good".

Johan van der Kooy, direkteur fan de iishal hopet ynkoarten op in Syrysk rekôr yn it reedriden. "Al is it mei trije kear fallen, dat moat slagje", sa seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)