Flechtlingen bliuwe noch tsien dagen yn Warkum

06 okt 2015 - 14:26

De flechtlingen yn de krisisneedopfang yn sporthal De Rolpeal yn Warkum bliuwe dêr yn alle gefallen oant nije wike freed. Op dy dei wurde de flechtlingen oerbrocht nei in folle gruttere needopfang yn it WTC yn Ljouwert. De flechtlingen yn Warkum witte dat dat barre sil en se besykje de tiid oant nije wike freed sa goed mooglik troch te kommen.

Yn De Rolpeal sitte benammen flechtlingen út Syrië en Afganistan. Ek al hawwe se net folle privacy, se binne dochs bliid dat se yn in lân sûnder oarloch ferbliuwe en hoopje op bettere tiden.

It gebrek oan privacy neame se in 'lyts probleem' yn fergeliking mei de oarlochssitewaasje yn harren heitelân. ''Wy binne hjir teminsten feilich, Nederlân bedankt,'' sizze Awatif al Zadi en Roubhan út Syrië. Se hawwe in moanne ûnderweis west om fia ûnder oare Turkije en Servië Nederlân te berikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)