Flechtlingebern yn Ljouwert noch altyd net nei skoalle

12 jan 2016 - 16:51
  • De bern krigen earder reedrydles yn Ljouwert

Flechtlingebern yn de needopfang fan Ljouwert gean noch hieltyd net nei skoalle. It giet om tsien bern dy't yn it Helicongebou wenje. De bern dy't yn Grou yn de needopfang sitte, hawwe wol plak krige op skoalle.

De gemeente soe ferline wike prate oer de bern yn it Helicongebou, mar dat gie net troch fanwegen de izel. De gemeente hopet noch dizze moanne in oplossing foar de bern yn Ljouwert te finen. Offisjeel hawwe bern learplicht as se trije moanne yn Nederlân binne.

De bern yn Ljouwert binne hjir al langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)