Flechtlingebern krije ûnderwiis yn Ljouwert

20 jan 2016 - 15:30
  • Flechtlingebern yn it WTC-Expo yn Ljouwert

Skoallemienskip Proloog yn Ljouwert sil op de lokaasje Eestroom yn de Ljouwerter wyk Bilgaard fan 1 febrewaris ôf flechtlingen underwiis jaan. Yn oerlis mei it COA en de gemeente Ljouwert is keazen foar in taalklas fan tsien learlingen dy't fjouwer moarnsskoften yn 'e wike les krije. It giet om bern fan fjouwer oant tolve jier mei ferskate nasjonaliteiten.

Mienskiplike gymnastykles

De asylsikersbern sille foarearst net tegearre mei de learlingen fan Proloog les krije. Der wurdt wol socht nei in wize wêrop't aktiviteiten as gymnastyk troch sawol asylsikersbern as de skoalbern tegearre dien wurde kinne. 

Tydlike krêften en frijwilligers

It ûnderwiis wurdt jûn troch in tydlik oanstelde learkrêft en in ûnderwiisassistint. Se wurde holpen troch frijwilligers. Learkrêften op de Eestroom binne frege om bern op de skoalle goed ta te rieden op de komst fan de flechtlingen.

It COA is ferantwurdlik foar it ferfier fan de needopfang nei de Eestroom en wer werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)