Flechtlinge-opfang oan Heliconwei moat yn sân hasten klear

10 des 2015 - 13:53
  • 'Heliconstate' wurdt mei man en macht ferboud ta needopfang

De needopfang yn 'Heliconstate' yn Ljouwert moat op 4 jannewaris 2016 klear wêze, mar it is de fraach oft de gemeente dat rêdt. Sûnt moandei wurdt der mei man en macht wurke yn it gebou, dat fan binnen sloopt wurdt. Der wurde 50 keamers foar elk acht persoanen makke. De oannimmer set ekstra minsken yn en wurket mei de feestdagen troch.

De opfang yn 'Heliconstate' is foar 400 minsken út it WTC yn Ljouwert, de oare 200 gean nei oare opfangplakken. De earsten binne al ôfsetten nei in opfangplak yn Den Helder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)