Flechtauto botst op ambulânse

24 feb 2014 - 10:50

De plysje hat sneintemiddei yn Ljouwert in 30-jierrige man út Tsjom oanhâlden nei in wylde achterfolging. De man ried sûnder rydbewiis yn in ûnfersekere auto. Boppedat wie der in fermoeden dat er in slok te folle op hie. De plysje kaam de man tsjin op de Greunswei, dêr't er mei de auto fan de iene nei de oare kant slingere.

De fertochte wegere mei te wurkjen oan in blaastes. Bloed ôfnimme woe er ek net.
Doe't er frege waard nei syn papieren, naaide de Tsjommer út. Hy botste tsjin in ambulânse dy't tafallich delried.

Uteinlik waard de Tsjommer oanhâlden nei in wylde achterfolging. De man sit noch fêst op it plysjeburo. Syn auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)