Flecht nei koele Waadeilannen

06 aug 2003 - 00:00

De Waadeilannen krije in soad toeristen dy't de waarmte op it fêste lân ûntflechtsje. Rederij Doeksen set trije kear safolle minsken oer as op in gewoane simmerdei nei Skylge en Flylân. Doeksen hat beheinde mooglikheden foar ekstra tsjinsten. Alle boaten farre en foar de Koegelwieck is alles al reservearre.

Ek de VVV's ha ekstra drokte. Se krije in soad fragen oer last-minute arranzjeminten. Dy binne der net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)