Flearmûzen tsjin opkomst rûp

19 jan 2011 - 10:47

Achtkarspelen wol mear flearmûzen ha om de ikeprosesjerûp te bestriden. Dat bist is skealik foar minske en beam. Ferline jier is de rûp al yn Opsterlân oantroffen. Om foar te kommen dat de rûp noch mear nei it noarden giet, hat Achtkarspelen 20 grutte nêstkasten meitsje litten. Learlingen fan Singelland en it Lauwerscollege ha dy makke.

Foar maart moatte de kasten hingje om't flearmûzen út de wintersliep komme. Der kinne 200 bisten yn in kast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)