Flearmûzen fertraagje sloop fan huzen Sint-Anne

27 nov 2015 - 17:32

Trije flearmûzen soargje foar moannenlange fertraging by de sloop fan acht huzen oan de Kempenaerstrjitte yn Sint-Anne. De huzen moatte plak meitsje foar nijbou. Dat is ûnderdiel fan in folle grutter werynrjochtingsplan. Dêrby wurdt ek de âlde Ulbe van Houtenskoalle sloopt, om romte te meitsjen foar de nije supermerk fan de Aldi.

De trije dwerchflearmûzen kamen oan it ljocht by floara- en fauna-ûndersyk. De gemeente hat no spesjale nêstkastkes ophongen by it gemeentehûs, as ferfangende wenromte foar de bisten.

Huzen bliuwe foarearst stean

Wetlik sjoen meie de flearmûzen pas yn de maitiid ferjage wurde fan har besteande wenplak. Oant dy tiid moatte de huzen stean bliuwe. Neffens wethâlder Nel Haarsma falle de gefolgen foar it hiele werynrjochtingsplan ta. De gemeenteried moat dochs noch beslute oer de plannen.

Juridyske prosedueres

De gemeente moat by de werynrjochting ek noch rekken hâlde mei juridyske prosedueres. Durk Miedema is eigener fan it iennichste hûs dat stean bliuwt, tusken alle sloophuzen. Hy hat der gjin nocht oan om trije jier lang yn in bouput te wenjen. Hy soe it leafst útkocht wurde wolle of oars finansjele kompensaasje hawwe wolle. Neffens wethâlder Haarsma is der lykwols gjin jild om Miedema út te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)