Flearmûsbunker yn Goaiïngaryp

12 apr 2011 - 21:43

Pleatslik Belang Goaiïngaryp wol graach in flearmûsbunker by it doarp. Se ha dêrfoar tastimming frege by de gemeente Skarsterlân. Doarpsbelang wol graach in stik gemeentegrûn hiere om dêr sawol in sweltsjewâl as in flearmûsbunker te bouwen.

Dat kin om de gemeente wol, as de buert it goed fynt. Yn Fryslân binne no op in stik as tsien plakken flearmûsbunkers: donkere kâlde skûlplakken dêr't de bisten sliepe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)