Flearmûs fertraagt bou skatebaan

21 des 2006 - 16:26

In rûge dwerchflearmûs hat foar fertraging soarge by de oanlis fan in nij skatepark oan de Draai yn Drachten. It bistje waard yn de maitiid sjoen op it plak dêr't it park komme moast en dan mei der net samar boud wurde. Ferfolchûndersyk skoe net earder as de hjerst.

De útkomsten binne no bekend: de flearmûs wennet net op it plak. De gemeente kin dêrom no los mei de oanlis fan it skatepark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)