Fleantúchûngemak Eelde falt ta

17 jun 2003 - 00:00

De Fryske sike-auto's dy't tiisdeitemoarn ûnderweis wiene nei fleanfjild Eelde binne letter wer weromroppen. Op it fleanfjild wie om healwei tsienen in fleantúch trochsketten op de lanningsbaan. De 180 ynsittenden hawwe it tastel ferlitten kinnen sûnder dat se ferwûne rekken.

Omdat earst sein waard dat it tastel delstoart wie, waarden sike-auto's út de trije noardlike provinsjes nei Eelde stjoerd. Mar nimmen rekke dus ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)