Fleantúchje stellen op It Amelân

15 aug 2000 - 12:08

Yn Ballum op It Amelân is moandeitemoarn in Cessna-fleantúch stellen. It is fan in bedriuw dat rûnflechten hâldt. De dieder is in 45-jierrige man.

De havenmaster ûntduts it stellen doe't er wekker waard fan it starten fan 'e motor. De Kustwacht hat alarm slein en ek buorlannen ynljochte. De plysje giet der fan út dat it tastel delstoart is. De Cessna hie brânstof foar trije oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)