Fleantúchje falt op boerehiem

18 jun 2004 - 00:00

Yn Aldehoarne is tongersdei in fleantúchje op in boerehiem delklapt. It tastel wie ûnderweis nei de iepen dei op fleanbasis Volkel dêr't it in demonstraasje jaan soe. Op in stik greide giene se de loft yn, mar flak nei de start ferlear de piloat de kontrôle en foel it fleantúchje del.

De twa ynsittenden binne slimferwûne mei in sike-wein en in traumahelikopter ôffierd. it giet om in man (45) fan De Himrik en in like-âlde frou fan Ketlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)