Fleantúchbom yn Eagmaryp

04 jul 2009 - 13:23

Yn Eagmaryp wurdt yn oktober socht nei in fleantúchbom út de Twadde Wrâldoarloch. De bom leit mooglik yn in stik lân oan de Graverij, flakby it earrebarredoarp. De gemeente soe dêr in rioelpiip lizze, mar in âldere ynwenner koe melde dat der yn de oarloch in bom fallen is dy't net ûntploft is.

De gemeente wol no earst witte oft der echt in bom leit, foardat alles yn gong set wurdt om de bom fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)